Het Achtkarspelenliet

Fan de Lauwers oant de Swemmer,
fan de Swadde oant de Lits,
leit ús moaie grietenije
as in trijehoek: in trits
tsjeppe doarpen, kreaze buorrens;
klaai- en feangrûn, ’t hege sân.
Wêr’t ús mem my praten learde,
dat dêre is myn heitelân.
Diken, glêd en brún fan ekkels,
greiden fol mei tierich fee;
koetsekralen by de stekken,
apelhôven om’t hússtee.
Dêr’t de ljurken tiereliere,
reager ropt yn d’iere moarn;
dêr’t de blommen ’t fjild fersiere,
bin tolve karspels yn it lân.
Earme heide is net te finen:
nijwûn lân jout nije sin.
Wa moat no noch skrobbers bine?
Yn it bouwen leit gewin.
Spitkeet waard in foech fabrykje,
skippen gliidzje en brûze yn’t wiet.
Wat yn Fryslân kin belykje
Tekst: Haye Tabak (eerste twee coupletten) en Jan Dotinga (derde couplet en wijzingen).
Het lied kan gezongen worden op de wijs van ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet’.